Sûnt lange tiid nei de Corona kin it Kwartettekoar wer los.
Op snein 30 oktober 2022 wie it Kwartettekoar te sjongen yn in Fryske earetsjinst yn Ternaard.
It Kwartettekoar (dizze kear mei 35 sjongers) song dêr de kantate ‘Ien Minske makket it ferskil’, ûnder lieding fan harren dirigint Feike van Tuinen mei begelieding fan pianist Sjoukje van der Velde en fluitist Annneke Dijkshoorn. Dizze kantate is skreaun troch Eppie Dam. De muzyk is fan Jan de Jong.
Yn it liturgyboekje wêryn de minsken meilêze en soms ek meisjonge kinne, binne de tekstylwurken ôfdrukt fan Sue Symons. Dizze wurken hawwe Eppie ynspirearre.
De kantate jout oandacht foar it ûnrjocht en geweld yn de wrâld en dat altiten de minske sels derby in kar meitsje kin tsjin alle geweld yn. Ien minske kin it ferskil meitsje. Fan har striid en noed fertelt dizze kantate. Bibelferhalen oer Noach, Lot, Jakob, Mozes en David jouwe derby rjochting en hope.
Hjir binne in pear foto’s.


