Wolkom op de website fan It Kwartettekoar.
Hjir fine jo alles wat jo witte wolle oer ús koar, ús programma’s en ús útfierings.
Doelstelling fan it Kwartettekoar is om nije Fryske lieten en teksten te sjongen yn tsjerke en dêr bûten.
Wy sjonge graach by jim yn de tsjerke!
Hjir noch efkes ús mooglikheden op in rychje. De prizen jilde fanôf 2027.
- Utfiering fan ien fan ús kantates yn in tsjinst = €350 (mei it hiele koar, dirigint, pianist en fluitist) mei in kar út de kantates: Ien minske makket it ferskil, Hertslach fan in stjer, Folgeling fan leafde.
- Meiwurkje oan in tsjinst mei liturgy fan de gemeente = €175 (leafst ek it hiele koar en dirigint, of as it net past in lyts groepke sûnder dirigent). Komt der in pianist by, dan wurdt it €205
2a. Hjir kin in komplete útwurke liturgy brûkt wurde, mei in kar út Reisgenoaten, Leafde of Psalmen.
2b. De liturgy kin gearstald wurde yn oerlis mei de foargonger. De lieten fan Hertslach steane dan sintraal. Dêrneist kin û.o. it Fryske lieteboek en Fryske Taizé brûkt wurde.
As wy ek in sneontemoarn fergees by jim oefenje kinne mei in bakje kofje derby, dan dogge wy €175 fan de priis ôf.
It rekkennûmer fan it koar is NL65 INGB 0006 0865 70
op namme fan It Kwartettekoar.