Us programma’s

Mei ús dirigint Feike van Tuinen ha wy yn 2021 de kantate ‘Ien minske makket it ferskil‘, skreaun troch Eppie Dam, ynstudearre. De muzyk is fan Jan de Jong.

De folgjende kantate, ek fan Eppie Dam en Jan de Jong, is ‘Hertslach fan in Stjer‘. Dy is yn 2024 yn premjêre gien.

Eppie Dam skriuwt hjiroer:
In stjer mei bevend en klopjend hert.
‘De hertslach fan in stjer’ klinkt like kryptys as fertroud. It bringt de geast op’e doele, mar oan’e oare kant ek feilich thús. Sa giet it mei elk fan ús dy’t weet hat fan it mystearje, en tagelyk fan alles wat foar de hân leit en yn ús del wol. Dêr binne gjin maklike wurden foar, sels net foar in koar dat stjerren fan de himel sjongt. En toch stiet dat in koar te dwaan, oars is de sinne fan’e baan en dôvje stjerren yn ‘t hielal.”
Efkes fierder skriuwt de dichter “En noch giet altyd wer de sinne op, oer goeden en kweaden, grutten en lytsen, ferhevenen en ûntearden. It is it ljocht fan Hegerhân dat noait in dei ferdwynt en makke is om ús in romme blik te jaan en iendrachtichheid te learen, mocht leafde te heech grepen wêze. En toch hat leafde it werwurd west fan immen dy’t neat witte woe fan it minsdom oan legerwâl. In stjer dy’t skynde, mei bevend en klopjend hert.”

Us nijste kantate fan Eppie Dam en Jan de Jong is ‘Folgeling fan Leafde’. Dy is yn premjêre gien op 15 febrewaris 2026 yn Frjentsjer.

Eppie Dam skriuwt hjiroer:
Een Friese profeet wil nog wat zeggen.
We leven in extreem moeilijke tijden en de vragen bij jong en oud nemen hand over hand toe. Niets is meer vertrouwd, alles staat op omvallen. Vind je weg er maar eens in. De cantate Folgeling fan leafde maakt een begin. Dichter Eppie Dam baseerde de tekst op een eeuwenoud boek: De profeet (1923) van Khalil Gibran, vertaald in bijna dertig talen. Componist Jan de Jong maakte muziek bij de acht liederen die de cantate rijk is.
De profeet vertelt van de wijze Almustafa die twaalf jaar verbleef in een vreemde stad waar hij over alles nadacht. Voor de terugkeer naar zijn geboorteland mogen de bewoners, die intussen erg aan hem gehecht zijn, hem nog vragen stellen. Het zijn levensvragen, en ook kinderen doen mee. Zij hebben nog zo’n toekomst te gaan en kunnen wel wat wijze raad gebruiken. Algauw blijkt dat Almustafa de wijsheid niet in pacht heeft, tegenvragen stelt en mensen zelf leert nadenken. Je hoeft heus niet overal achteraan te lopen. Behalve als je volgeling van liefde bent. Dat is de boodschap van de filosoof die in het leven gelooft.
De cantate is voor gemengd koor, fluit en piano. Er is ruimte voor samenzang. Het stuk duurt ca. 50 minuten.”

 

Sjoch hjir foar in opname tidens it oefenjen, fan de Fryske Irish Blessing.

Dat it paad op dy takomt en de wyn de goede kant út waait.
Dat de sinne blier dyn antlit beskynt, de rein dyn lannen myld bedript.
En oant wy elkoar wer moetsje, oant wy elkoar wer moetsje, meist burgen wêze yn de palm fan Gods hân.