Home

Wolkom op de website fan It Kwartettekoar.
Hjir fine jo alles wat jo witte wolle oer ús koar, ús programma’s en ús útfierings.
Doelstelling fan it Kwartettekoar is om nije Fryske lieten en teksten te sjongen yn tsjerke en dêr bûten. Hindrik van der Meer, ús dirigent, nimt op’t heden ôfskie mei in rige ‘oantrúntsjinsten’ troch de hiele provinsje. Sjoch ek by útfierings.

De bondel HERTSLACH is út!
Lieten om it út te sjongen

De bondel kostet 20 euro en is te bestellen op it mailadres tjorna47@gmail.com.

Hindrik hat him mei it Kwartettekoar al jierren ynset foar it ûnder de oandacht bringen fan moaie nije hjoeddeiske Fryske lieten foar de tsjerkeliturgy. No’t Hindrik fan doel is te stopjen hat it bestjoer besocht in bondel mei in hiele protte fan dizze Fryske lieten gear te stallen. Yn gearwurking mei Intrada is dit slagge!!!!
Dizze bondel wolle jim net misse!
Mar gau bestelle dus!