It is al wer in hiel skoft lyn, dat it Kwartettekoar oprjochte is.
Yn de kranten ferskynde yn maart 2006 in artikeltsje fan Hindrik van der Meer, dêr’t hy in oprop yn die foar de oprjochting fan wat hy neamde in ‘Kwartettekoar’. It doel wie – en is noch altyd it sjongen en fersprieden fan hjoeddeiske nije Fryske lieten yn de Fryske tsjerken.
Yn de rin fan 2018-2020 hat Hindrik van der Meer ôfskie nommen fan it koar en it dirigearstokje oerdrûgen oan Feike van Tuinen.
Mei him studearje wy ús nijste kantate, ‘Ien minske makket it ferskil’, yn. Dit stik is skreaun troch Eppie Dam en de muzyk is fan Jan de Jong.
Feike, ús dirigent