Us programma’s

It koar hat in tal stikken op it program stean dêr’t de teksten fan skreaun binne troch Eppie Dam en de muzyk troch Hindrik van der Meer. De keunst fan it libben bestiet út sprekteksten en lieten fan en basearre op it bibelboek Preker. Yn Wurden fan de berch wurdt yn teksten en lieten in ferbining lein tusken de Tsien Geboaden en de Berchrede. Yn De wrâld ús went wurdt neitocht oer de ferhâlding tusken tsjerke en wrâld. Minsken fan de dei bestiet út sprekteksten en lieten útgeande fan Psalm 90.

De nijste liturgy op it repertoire fan it Kwartettekoar is Fakkeldragers yn de wyn. Yn dit stik wurdt in reis makke yn teksten en lieten troch it Alde en Nije Testamint. Fan Genesis ôf ha der minsken west dy’t it de muoite wurdich fûnen of har roppen fielden om it fjoer fan it leauwe troch te jaan. Guon tiden waard it fjoer breed droegen, dan wer wie it in flamke, bewarre troch in ienling. De flam is yn ús tiid miskien noch mar in fonkje fan oer, mar noch altyd libben genôch om oan te boazjen.

In pear jier ferlyn hat it Kwartettekoar it sjongstik oer it ferhaal fan Jona tal fan kearen útfierd. Jona wurdt op dit stuit ynstudearre troch de tsjerkemienskip yn Bitgummole mei útfierings yn april. De teksten en de muzyk binne fan Folkert Verbeek en Hindrik van der Meer.

Ek moat neamd wurde: Fan in tút in tintsje bouwe. In muzikaal program oer de Leafde, mei in ferskaat oan lieten en gedichten fan ferskillende dichters en komponisten fan no, mar ek mei lieten út it Heechliet.. De ferbinende teksten hat Eppie Dam foar syn rekken nommen.

De lêste tiid wurdt it Kwartettekoar ek faak frege om As in mosk yn it sân út te fieren. It is it ferhaal oer it libben fan Fedde Schurer, in kleurryk persoan dy’t as sjoernalist weet hie fan misstannen en as dichter foarop rûn om wurden te jaan oan it fisioen fan in bettere wrâld. De komposysjes binne fan ferskate komponisten en de ferbinende teksten binne skreaun troch Hindrik en Beitske van der Meer.

In hichtepunt foar it Kwartettekoar wiene de útfieringen fan de musical Ruth yn maaie en novimber 2015 yn ‘De Lawei’ en ‘Theater Snits’. De teksten en de muzyk fan dizze Fryske musical binne fan Folkert Verbeek en Hindrik van der Meer. In seleksje út de musical is bewurke ta wat wy neame de Ferlytse Ruth.